Logo LINUM

058 - 2166002

  • Frysk
  • Nederlands
Skilje ús
Menu
  • Thús
  • Wurkwize
  • Projekten
  • Oer de túnarsjitekt
  • Nijs
  • Kontakt
  • Mear...

border met siergrassen

tiisdei 19 jannewaris 2016 Beplantingsplan foar nije border

Jannewaris, de wurksumheden yn it tún lizze oer it generaal stil. Kening winter kin sa wer taslaan en wa wit foar in hiel skoft. Tiid genôch om fóár it nije groeiseizoen noch plannen te meitsjen foar in renovaasje fan jo border. Soks falt noch net ta.

tiisdei 29 desimber 2015 Nijjierswinsk

Nije ynspiraasje op in nijsgjirrige lokaasje. LINUM winsket jo in foarspoedich en besiele 2016 ta!

freed 11 desimber 2015 Nije hiemside en nij byldmerk foar Linum túnfoarmjouwing en advys

Ofrûne freed 11 desimber wie in heuchlike dei, de nije hiemside www.linum.nl is lansearre. De âlde foldie net mear oan de hjoeddeistige easken, om’t in hiemside njonken it kompjûterskerm ek goed lêsber wêze moat –fia it saneamde ‘responsive design’- op bygelyks it skermke fan jins mobile telefoan en I-pad. De nije side is oersichtlik foarmjûn troch Netsupport fan Ljouwert. Tagelyk hat Linum in nij byldmerk krigen, ienfâldich mei mear útstrieling.

sneon 28 novimber 2015 Linum túnfoarmjouwing en advys is ferhuze!

Sûnt sneon 28 novimber is it atelier fan Linum fêstige op in hiel nijsgjirrige lokaasje krekt by-easten de Ljouwerter wyk Cammingabuorren. Dêr oan de igge fan de Nije Wielen, leit in keunstmjittich ‘skiereilân’ mei 20 wenten om in samlik ‘beginehofke’ hinne. Under it hege sealtek fan hûsnûmer 3 ûntwerpt Linum tenei har tunen, tekenet fluorringsplannen, beplantingsplannen en foarsjocht yn ûnderstypjende detaillearings. Der is ek oerlisromte oanwêzich.

schetsontwerp

moandei 26 oktober 2015 Nij ûntwerp eftertún te Ljouwert

Foar in lytse eftertún yn Ljouwert hat LINUM krekt lyn in túnûntwerp makke, dêr’t alle winsken nei tefredenheid fan de bewenners yn ferwurke binne. It mulpunt yn dizze ynbannige stedtún foarmet in...

moandei 21 septimber 2015 Kursus ontwerpen met planten

Ofrûne sneon 19 septimber ús lêste nijsgjirrige kursusdei beplantingsplannen analisearje en opstelle yn 'e tunen fan Mien Ruys te Dedemsfeart.

snein 13 septimber 2015 Túnbabbel

Us earste "túnbabbel" yn Berltsum op it hiem fan van Tuinen Tuinservice, mei sa'n 60 besikers. Mei fan lofts nei rjochts...

woansdei 1 april 2015 Helje mear út jo platte dak!

Op 18 april 2014 is tusken ús sinnepanielen op it atelier fan Linum in Sedumtek oanbrocht. Njonken alderhanne fetkrûden binne ek oare (keuken)krûden en rotsplanten oanbrocht. Om't it in frij âlde wente is, is foar de wissichheid keazen foar in tinne substraatlaach fan 7 sentimeter tsjok. Dochs romte genôch foar planten dy't ûnder dizze omstannichheden waakse wolle.

tongersdei 5 maart 2015 Linum stiet wer op Huis&Tuin beurs WTC Ljouwert, 5-9 maart

Linum túnfoarmjouwing en advys hat foar hôveniersbedriuw van Tuinen Túnsurvis (www.vantuinen.nl)  in paviljoen foarmjûn fan 6x6 meter, dêr’t 2 noviteiten by yntegrearre binne.
 
Fan 5-9 maart wolle wy jo graach wolkom hjitte yn ús stend mei nr. 4115, WTC Ljouwert.

moandei 1 desimber 2014 Hjerstbeurt; besinne ear’t jo begjinne!

Guon túnbesitters hâlde fan in tún, dy’t der it hiele jier kreas en himmel by leit. Sy of harren hôveniers binne op dit stuit grif drok dwaande om alle hjerstblêden byelkoar te swyljen, de lêste gerskantsjes te stekken en de ôfstoarne plantedielen ôf te knippen. Hjerstbeurten wurde no rûnom...

freed 15 augustus 2014 De prêrjetún yn De Wilp (Gr.)

Foar dyjinge dy’t fan natuerlike beplantingskombinaasjes hâlde is in besite oan de prêrjetún fan ‘Lianne’s Siergrassen’ yn de Wilp hiel nijsgjirrich en in boarne fan...

Cortenstaalranden

tongersdei 3 july 2014 Bedriuwstún te Boalsert

3 july 2014,

 

Foar dizze tún hat Linum yn maaie 2012 in renovaasje-ûntwerp makke, wêrfan de oanlis novimber 2012 útein sette. Foar de oanlis liet de grûnwetterhúshâlding gâns te winskjen oer, wêrtroch beplanting en it gers him min ûntjoech. De romtlike yndieling wie soksoartich dat.....
  • «
  • 1
  • 2
  • 3
  • 4
  • 5
  • 6
  • »

Kontaktfeiten

LINUM
Wielendwinger 3
8926 XJ Ljouwert

Telefoan: 058 - 2166002
Mob: 06 - 27212988
E-post: ynfo@linum.frl

Oer LINUM

LINUM fersoarget fan sketsûntwerp oant en mei beplantingsplan en de nedige detaillearring. Wannear't jo wolle stiet LINUM noed foar it sykjen foar in gaadlike túnker. Wylst de oanlis oan 'e gong is, hâldt LINUM tafersjoch.
LINUM advisearret jo oer túnûnderhâld. LINUM draagt kreative oplossings oan foar tûkelteammen yn jo tún. LINUM makket graach in ôfspraak mei jo foar in frijbliuwend petear.

Lêste nijs

jan 23 túnûntwerp foar Villa Landwaerts Lêze

  • Facebook
  • LinkedIn
  • Disclaimer
Werom nei boppe