De prêrjetún yn De Wilp (Gr.)

Foar dyjinge dy’t fan natuerlike beplantingskombinaasjes hâlde is in besite oan de prêrjetún fan ‘Lianne’s Siergrassen’ yn de Wilp hiel nijsgjirrich en in boarne fan ynspiraasje. Grutte groepen fan ûnderskate fêste planten, ôfkomstich út prêrjegebieten, binne prikeljend kombinearre mei in ferskaat oan siergerzen. Hjir en dêr subtyl komplemintearre mei aksinten fan pronksipels. Tagelyk lûke de blommen in protte bijen en flinters oan. Neigeraden de hjerst slaan de silhûetten fan de siergerzen allinkendewei mear en mear foar master op. Men kin fan tinken wol hawwe dat it winterbyld ek ferbyldzjend wêze sil, wiswier wannear’t der in laagje snie of rûchfroast oerhinne leit. Oer de boaiem is in laachje fulkanyske stienslach oanbrocht. Dat om it túch op te kearen en de ferdamping fan it grûnwetter leech te hâlden. Op in stuit wurdt sa’n tún selsregulearjend en it ûnderhâld beheind ta allinnich it jierliks ôfknippen fan de ôfstoarne dielen boppe de grûn. Nijsgjirrich, alle ynformaasje is te finen op www.siergras.nl.