Linum túnfoarmjouwing en advys is ferhuze!

Sûnt sneon 28 novimber is it atelier fan Linum fêstige op in hiel nijsgjirrige lokaasje krekt by-easten de Ljouwerter wyk Cammingabuorren. Dêr oan de igge fan de Nije Wielen, leit in keunstmjittich ‘skiereilân’ mei 20 wenten om in samlik ‘beginehofke’ hinne. Under it hege sealtek fan hûsnûmer 3 ûntwerpt Linum tenei har tunen, tekenet fluorringsplannen, beplantingsplannen en foarsjocht yn ûnderstypjende detaillearings. Der is ek oerlisromte oanwêzich.

Ut it atelier wei hat men in oerweldigjend en ynspirearjend eachweid oer it wetter mei wide reidseamen hinne dy’t stadich oergean yn in grien dekôr, it natuergebiet de Griene Stjer. De ‘bolwurkwenten’ binne yn 1997 ûntworpen troch arsjitekte Liesbeth van der Pol. Har ynspiraasje kaam út it pastorale Fryske lânskip: it Poptaslot yn Marsum. Yn 2000 waard dit ‘Bastion-eilân’, no Wielendwinger neamd, oplevere. Foar Linum túnfoarmjouwing en advys in protte nije ynspiraasje foar nijsgjirrige túnûntwerpen.