Linum tuinontwerp leeuwarden

Stinzefloara, relikten út in fier ferline

By de earste sinnige maaitiidsdagen brûzet de stinzefloara de grûn út en soks docht wat mei ús kuierjende minsken. Se hâlde in belofte yn, it begjin fan eat nijs. Fjilden fol wite widzjende liderkes trochmjukse mei it misterieuze sangenblau fan boerekrookjes. Rûk de swietrook fan holwoartel en drôgje by it betide bûtergiel fan Ayttablommen. It lit nimmen ûnoandien. Stiennen hûzen of stinzen wiene te ferdigenjen hûzen troch haadlingen bewenne.

 

Sy hawwe op har reizen yn it bûtenlân dizze ‘plantsjes’ meinommen om har genêskrêftige wurking en symboalyske wearde. Neigeraden de tiid funksjeleas waarden de stinzen (faak) ôfbrutsen en kamen der adellike states foar yn’t plak mei formele siertunen. Sy pasten dy spesifike groep bollen en knollen ta as sierplanten. Stinzefloara tiere hjir sa bêst yn de fruchtbere terpeklaai dat se ferwylderen maklik. Sa kinne wy no genietsje fan fjilden mei in skientme oan kleuren, libbene relikten út in fier ferline. Nim ris in kuier oer Jongama state yn Raerd, Dekema state te Jelsum of Martenstate op Koarnjum. Skôgje ris dit eigensinnich blomt.

 

Siem de Vlas beplantingsplannentuinaanleg  Linum tuinvormgevingtuinontwerp Frieslandhistorische tuinen romantische tuinen Linumstinzenplanten sneeuwklokje en boerenkrookjelangs het tuinpad van mijn vaderLinum fotografeert Martena statetuinarchitectuur Linum