siem de vlas

De fisy fan de ûntwerper

Myn túnûntwerpen ûnderskiede har troch in harmoanyske ferhâlding tusken foarmen, linen en flakken, en in grut ferskaat oan beplanting. Beplanting jout in smûk gefoel en toant de seizoenen. Bloeiwizen, rook en kleur bespylje de emoasje. De oanlûkingskrêft fan blommen en strûken op fûgels, flinters en bijen soargje foar in ekstra diminsje yn in tún: beweging en lûd. Yn myn optyk moatte alle sintugen rynsk betsjinne wurde.

 

Oan de hân fan jo winsken en ideeën jou ik foarm oan jo tún. De karakteristike en romtlike skaaimerken fan in lokaasje binne foar my de ynspiraasjeboarnen foar it op in artistike en estetyske wize ynrjochtsjen fan it tún fan in hûs, in bedriuwsgebou of in iepenbiere romte. Foarmen, rûningen of linen fan in hûs of gebou lit ik weromkomme yn it túnûntwerp. Ut it 'hert' fan de tún wei wurdt nei de rânen ta wurke.

 

Fluorringsflakken binne funksjoneel en sober fan kleur, mar oerhearskje nea. De kar foar de freding hinget fan de lokaasje ôf. Somtiden past in pleistere muorre, somtiden in strakke hage, in houten sket of natuerlike beplanting. Rinrûtes binne gearhingjend en praktysk, mei ôfwikseling yn de mjitte fan iepenheid. In tún moat minsken nijsgjirrich meitsje en útnoegje om deryn te gean.

Oer Siem de Vlas

Siem de Vlas (Achlum *1968) gie nei de Legere Lân- & Túnbouskoalle yn Wytmarsum en gie fierder mei syn oplieding oan de Gerard Adriaan van Swieten Túnbouskoalle yn Frederiksoard. Mei de stúdzjerjochting 'Oanlis & Underhâld' sette er syn earste stappen op it paad fan de túnfoarmjouwing. Dêrnei gie er nei de Ynternasjonale Agraryske Hegeskoalle Larenstein (it tsjintwurdige Van Hall Larenstein) yn Velp, om him dêr te ferdjipjen yn túnarsjitektuer en -foarmjouwing. Yn 1994 foltôge er syn stúdzje mei sukses en die er ûnderfining op by ferskate túnûntwerpburo's yn de omkriten fan Arnhem.

 

Op 1 jannewaris 2000 kaam Siem de Vlas werom nei it heitelân en sette er útein mei syn bedriuw Linum Túnfoarmjouwing en Advys. Linum is de Latynske namme foar 'vlas' (Frysk: flaaks, Linum usitatissimum). Siem de Vlas beskôget syn fak as in ambacht, dêr't er syn kreativiteit en autentisiteit skoan yn kwyt kin. Wat ea úteinsette yn in lyts túntsje yn Achlum is ûnderwilens útgroeid ta in folweardich ûntwerp- en advysburo.

 

Eltse tún is in útdaging; de ôfmjittings binne dêrby net fan belang. Foarm, symmetry, beplanting en goede materialen meitsje de sfear út yn in tún. In tún dy't by jo past, dêr't jo graach nei sjogge en dêr't jo gewoan wêze wolle. 

tuinarchitectbollen en knollenpergolatuin