Lanlike tún

De opdracht foar Linum om in sterkere ferbining te kreëaren tusken de wente en de saneamde 'oertún'. It túndiel dat oan de oare kant fan de sleat leit en dy't de grûn om it samar ris te sizzen yn twaen spjalt. Dêrneist om oer it hiele hiem in 'ramtwurk' te lizzen en dêrby beneame op hokke wize mear ienheid makke wurde kin tusken de ûnderskate túnkeamers.

Paden en sichtlinen

Yn it ûntwerp is de smelle sleat op 'e hichte fan de wente ferbrede en ta in romme fiver stilearre. Hjirtroch is der in bettere ynteraksje tusken de twa túndielen en fangefolgen ûntstiet der mear ôfwikseling en aventoer. Om de ferbining ek fysyk ta stân te bringen is troch it wetter hinne in 'stepping wood'- paad situearre mei in flonderterras as rêstpunt krekt boppe wetternivo. Hjir út wei kin men it wetteroerflak tichteby belibje. De iggen binne oanplante mei siergerzen en wielderige blommen dy't bijen lokje.
De sleat dielt it hiem yn twaen. Yn de nije situaasje is goed te sjen dat der no in trijetal ferbiningen ta stân brocht binne, in wide opgong foar de auto, in formeel tagongspaad mei brêge nei de foardoar ta en in ynformeel aventoerlike rûte troch de tún hinne. Dy keppelingen tegearre mei nij oanbrochte sichtlinen ferbine de ferskate túnkeamers, dy't trochstrings omjûn binne mei hagen. Sa is der in keamer mei fruitbeammen, in formele romte mei stinzeblommen, in kweek- en hobjeromte, in ferdivedaasjeromte mei terrassen, in fiver en oan de rânen in boskmantel mei houtril. Dy lêste soarget foar in bistfreonlike oergong nei it efterlizzende iepen lânskip.