Tún by fersoargingstehûs

Nij Mellens is in soarchynstânsje foar minsken mei de sykte fan Alzheimer. De binnentunen fan it kompleks út de '90-er jierren, binne fersakke, fersliten en wat ferâldere. It ôfwetteringssysteem is behyplik, sadat grutte wetterplassen op de paden ûntstean as it reint. Uneffenheden op de terrassen en de paden feroarsaakje gefaarlike situaasjes foar bewenners en besikers. De tún om it hiele kompleks hinne is iepen, sigerich en hat net folle beplanting. Allinne om de terrassen hinne is kreaze beplanting oanbrocht, mei de nedige blomaksinten en in soad pot- en kûpeplanten. De rest fan de tún noeget net echt út ta in kuier of in petear op in bankje. It hege hekwurk om de tunen hinne is funksjoneel, mar stiet wol hiel pertinint yn it sicht. Dat jout bewenners en besikers somtiden in ûnnoflik gefoel. Oan LINUM de opdracht om de tún te renovearjen en in nij ûntwerp te meitsjen foar de twa binnentunen, om oplossings te finen foar de ôfwettering en it terrein om it hiele kompleks hinne in parkeftige sfear te jaan, dêr't bewenners, besikers en meiwurkers mei nocht en wille tahâlde kinne.

Nij ôfwetteringssysteem

Oars as it oarspronklike plan is foar de binnentunen keazen foar in net-spegele ûntwerp. Twa ferskillende ynrjochtings jouwe de bewenners mear kar-út. Yn beide tunen binne de besteande ferhurdings safolle mooglik op 'e nij brûkt, mar troch in oar patroan ta te passen yn de fluorring is in nije sfear kreëarre. It nivo fan de fluorring wurdt oanmerklik ferhege. Dêrtroch is der, yn kombinaasje mei it oanlizzen fan in nij ôfwetteringssysteem mei lange roastergoaten, genôch kapasiteit om it himelwetter gau ôf te fieren.

Binnentún Noard

De foarmjouwing is berekkene ûnder in hoeke fan fyftjin graden, om los te kommen fan de straffe linen dy't brûkt binne yn it haadgebou. De tún komt mear op himsels te stean en liket dêrtroch grutter. De tegelferhurding, oanfolle mei stripen nijbakte klinkerts, folget dy oriïntaasje. De hagen aksintuearje deselde rjochting en foarmje in grien dekôr foar de lege beplanting derfoar. Yn de tún komme in protte beammen mei in iepen kroan, sadat de 'hoekichheid' fan de gebouwen minder opfalt. De tún is ynrjochte mei ferhege bakken fan corten-stiel, folle mei beplanting dy't elegant bloeit, lekker rûkt en flinters en bijen oanlûkt. In wetterelemint yn de foarm fan in ferhege kubus fan corten-stiel jout de tún in boartlik elemint.

Binnentún Súd

Yn tsjinstelling ta de Binnentún Noard bestiet de komposysje hjir út in gridsysteem fan tegelferhurding yn in mûnewjukferbân, mei yn de midden in nijbakte tegel. Op ferskillende punten wurde reinputsjes oanbrocht om it himelwetter flot ôf te fieren. By de paden del binne hagen plante. Ferhege plantebakken, dy't út betonnen L-eleminten bestean, biede beskutting oan de sitbankjes en binne beplante mei in soad kleurrike planten.

It park

It grutste part fan it terrein bestiet no út in kuierpaad mei hjir en dêr in rêstpunt yn de foarm fan in bankje. De rest fan it terrein is iepen en foarsjoen fan gers. It hekwurk deromhinne is te pertinint oanwêzich. Yn de nije situaasje slingeret it kuierpaad tusken de boskjes troch, ôfwiksele mei gersfjilden en op harsels steande parkbeammen. It kuierpaad is de ier dy't alle terrassen, de boarterstún, de needútgongen, de hôving en de takomstige grientetún mei-inoar ferbynt. De boskjes en de griene 'beplantingseilannen' maskearje yn it takomstige byld in grut part fan de oerhearskjende ôffreding. De soarten dy't brûkt binne bliuwe grien yn de winter en passe yn de sfear fan it Fryske plattelân.

Underhâldsgemak

De terrassen dy't nei bûten rjochte binne, wurde op 'e nij fluorre mei de besteande tegels en oanfolle mei nijbakte klinkerts, sadat grutte oerflakken optysk brekke. De ûneffenheden neist de terrassen wurde oersljochte, sadat it ûnderhâld in stik ienfâldiger wurdt. Om de terrassen hinne komme planteflakken, foarsjoen fan fêste planten fan deselde soarte. Ek dat makket it ûnderhâld makliker.

Freonlike útstrieling

Oeral dêr't soks kin, wurdt de tún foarsjoen fan kleurrike, fêste planten dy't sa lang mooglik bloeie. Dat makket de útstrieling fan de hiele tún in stik freonliker. It moat foar de bewenners noflik wêze om troch de tún te kuierjen, om rêstich mei besikers te praten of om efkes ûnbehindere te genietsjen fan de natoer.