Bastionwoningen Leeuwarden

Stiennen der út, blommen der yn!

Op Goedfreed is yn ‘e mande mei de bewenners fan de Bastionwenten de borders ynplante. Hjirfoar is mar leafst 340m2 oan klinkerfluorring der úthelle, wêrfoar yn ’t plak: in ellipsfoarmich paad bij alle borders del, in rûne sitmuorre ûnder de plataanbeam en foar de rest gers.

Linum betocht it plan, fierde de rezjy en hat de borders gearstald. De plantesoarten binne selektearre op bloeisprieding, winterbyld, kleur, tekstuer en it lokjen fan ynsekten. It oarspronklik plein waard net folle brûkt en nûge ek net út om jin ta te hâlden. Boppedat krige de plataanbeam troch de protte nei oanbuorjende fluorring te min regelrjocht himelwetter.

In aardige bykomstichheid fan sa’n samlike oanpak is de sosjale koheezje. Fan de nije sitbank ôf, makke fan oploege oanwêzige klinkerts, kinne se tenei genietsje fan it al mar oan waaksende resultaat.

steenbreekklinkervrijbordervakkenellipspadcortenstaalrandenbeplantingsplan Leeuwardenaanplantentuinontwerp FriieslandLinum tuinvormgeving en advies