Túnrenovaasje

Deeglik en stoer materiaal

De bewenners fan dit hûs woene in tún dy't net lestich te ûnderhâlden wêze soe, mar dêr't se wol op in ûntspannen manier yn túnkje kinne soene. De tún is op 'e nij ynrjochte en útrist mei brede paden. Oan de efterkant fan it hûs is in terras oanlein, fuort tsjin de skodoarren oan. It terras is boud fan deeglik en stoer materiaal. Blomrike klimplanten meitsje it gehiel sêfter. De rest fan de beplanting is kleurryk en boartlik, ôfstimd op it oanlûken fan flinters en bijen. In oar part fan de tún is ynrjochte as fruit- en krûdetún.