Tún by nijbouwente

De bewenners fan dizze nijbouwente oan it wetter woene de strakke linen en foarmen fan it hûs graach trochfiere yn de tún. De bern soene der knap boartsje kinne moatte en it terras mocht bêst royaal wêze. De feart efterhûs soe optimaal brûkt wurde moatte foar rekreaasje.

Beskûl en privacy op it terras

De ynrjochting fan de foartún is praktysk en rom. De fjouwer beammen (falske Kristustoarnen) sille útgroeie oant in hichte dy't yn balâns is mei de wente. Yn it ûntwerp is it formaat fan de tegels yn de wente trochset yn de rûte nei de foartún en op it haadterras yn de eftertún. De neistlizzende beplanting op it haadterras biedt beskûl, privacy fan de wetterkant ôf en foarmet in fysike ôfskerming fan de boartersromte foar de bern.

Swimme, fiskje en barbecueë

Fjouwer stobbewylgen en in hage skiede de tún fan de steger dy't leger oan de wetterkant leit. Op de wâlbeskoeiïng, dy't oer de hiele breedte fan de tún it hichteferskil mei it wetter opheint, is in lange steger oanlein, dy't tsjinnet as oanlisplak, swim- en fisksteger. It brede part fan de steger hat in plankierterras, dêr't men bygelyks noflik barbecueë kin. Foar de beplanting oan de úteinen is keazen foar leverkrûd, hingjende sigge en faleriaan.