Stedseftertún en -foartún

De bewenners fan dit steatlike gebou oan de Ljouwerter stedsgrêft woene in eftertún mei in mediterrane sfear, in beskûle terras op in plakje mei in protte sinne en boartersromte foar de bern. Ut it hûs wei soe de garaazje yn in dúdlike en rjochte line te berikken wêze moatte. De foartún moast symmetry en rêst útstriele, sadat de monumintale gevel goed yn it sicht bliuwe soe.

Wielderige en griene omlisting

Yn de eftertún is om it terras hinne in rûne pergola fan robúst corten-stiel oanlein. De blauwerein sil binnen in pear jier soargje foar in wielderige en griene omlisting fan de peallen en de bopperâne. Yn de grutte bakken fan stegerplanken fersoarget de eigner syn mediterrane planten. Yn de skaadhoeken fan de tún binne klimhortinsjes, grutblêd-tink-oan-my, readskonk en breakes plante. De sinnige dielen fan de tún binne beplante mei prachtkears, sinnehoed, bjint en liuweprint.

Elegante siergerzen fange it strykljocht op

Yn de foartún binne duorsume materialen ferwurke lykas hurdstien, bakte klinkerts, corten-stiel en Flachkorn-siergrint. Fjouwer wylchblêdige parrebeammen yn taksusblokhagen begeliede de besiker nei de ferhege entree fan dizze steatlike wente. De plantebakken, mei rânen fan corten-stiel, binne folle mei boaiembedekkers dy't goed dije yn it skaad en dy't in ôfwikseling yn blêdtekstuer ha. Elegante siergerzen fange mei har ljochte nerven it strykljocht op fan de neimiddeissinne.