Nijboutún

Yn 2002 is de eardere hurddraversbaan yn Drachten op 'e nij ynrjochte ta Parkwijck De Singels. Dy nijbouwyk hie in lanlike foarbyldfunksje foar it tapassen fan ekology yn de stêd en foar de takomstige ynrjochting fan stedsgebiet. It konsept foar de partikuliere tunen stie dêrom fêst. 'Blêdryk', 'blomryk' en 'wielderich' wiene kearnbegripen foar de ynrjochting.

Blêdryk karakter

De effisjinte rûte nei de hege entree fan it hûs en de ôfreed nei de ûndergrûnske parkeargaraazje dy't derneist leit, wiene beskiedend foar it ûntwerp fan de foartún. Beammen, strûken en strewellen jouwe de foartún in 'blêdryk' karakter.

In terras omsletten troch kachelhout

De strakke linen fan de foartún binne loslitten yn de syd- en eftertún. Dy 'slingerje' en wurde begrinzge troch wielderige siergerzen. Yn de eftertún
is, neffens de winsk fan de bewenners, in spesifike bestimming socht foar de opslach fan it kachelhout. Tusken siergerzen, kleurrike fêste planten en smelle moerassipressen leit in terras ferskûle, omsletten troch kachelhout.

Noflik mimerplakje

De sichtlinen nei it marke dat derefter leit binne mei sin iepenholden. Troch de fariearre beplanting op 'e kanten wurdt it wetter yn feite in ferlingstik fan dizze blomrike tún. De grutte balstien oan de wetterkant is sa posisjonearre dat men rom sicht hat oer it wetter. Mei it russeljend reid deromhinne is it in noflik mimerplakje.