Bedriuwstún Gardena

De tún fan dit bedriuw hat in dûbele funksje: de wurknimmers kinne der skoft hâlde en de klanten fan it bedriuw – dat hannelet yn túnark – kinne de produkten yn de tún teste. Mei elektryske of meganyske haachskjirren kinne hja taksushagen te liif gean, in strakke gersmatte lient him foar it útprobearjen fan robotmeaners en sproeiers. Barbecues binne útstald op grutte tegels en roppe soele simmerjûnen yn jin op.

Helderblau glêssplit

Pylderfoarmige iken stean yn relaasje ta de blaugriene peallen dy't de oerkaping fan it gebou ûnderstypje. De beammen stean yn ferhege goaten dy't ôfstruid binne mei helderblau glêssplit, dat ferwiist nei 'wetter': in elemint dat ommers yn in soad tunen te finen is. De beplanting is ôfwikseljend en kleurryk. Siergerzen soargje foar in boartlik kontrast. De wurknimmers likegoed as de klanten kinne op de – rûnom pleatste – lúkse banken genietsje fan dizze kleurrike bedriuwstún.