Túnrenovaasje

Dizze tún is renovearre nei't de wente oan it Prinses Margrietkanaal hielendal ferboud wie. De wenkeamer, dy't ferpleatst wie nei de earste ferdjipping, bea de bewenners in royaal útsjoch oer it kanaal en de oanswettende lannen. De foar- en eftertún krije dêrtroch ek in oar perspektyf.

Rêstich russeljende sylhûetten

De skeane linen fan de entree binne yn de foartún trochfierd en wurde aksintuearre troch strakke taksishagen. De hagen foarmje in moai kontrast mei elegante siergerzen, dy't foar in kûlisse-effekt soargje. Dy rêstich russeljende sylhûetten binne benammen winterdeis prachtich as se, mei ryp bedutsen, it strykljocht opfange fan de leechsteande wintersinne.

Lykwicht yn in drok kleurepalet

De eftertún oan it kanaal hat in rom gersfjild en in oerdekt terras dat begroeid is mei klimroazen. De rânen fan de tún binne beplante mei strûken en strewellen dy't hearre by dit gebiet, en dy't fan it farwetter ôf sjoen strike mei it lânskip. It strakke, neutrale gersfjild biedt romte foar beweging en jout lykwicht oan it drokke kleurepalet deromhinne.