Tún by nijbouwente

Dizze nijbouwente út 2001 is boud yn in tradisjonele lanlike styl en leit oan in brede sleat dy't simmerdeis drok befearn wurdt troch de plezierfeart. Dakplatanen mei dêrûnder spegele hortinsjes aksintuearje oan de foarkant de lanlike styl fan it hûs. Fia in sydpaad mei lege beplanting liedt de rûte nei de eftertún.

Noflik russeljen

Yn de eftertún is keazen foar in ynrjochting dy't past by de sfear fan it wetter. It gersfjild en de terrassen bestean út rûne foarmen, mei wielderige beplanting by de rânen del. It grutte terras en de stoere steger binne makke fan itselde hout. Hege siergerzen keare de wyn op it terras op en soargje foar in noflik russeljen, sa karakteristyk foar de reidwâlen yn Fryslân.

Maklik ûnderhâld

It liket as freget dizze tún in soad ûnderhâld, mar sa is it net. Yn de maitiid wurde alle siergerzen en fêste planten weromknipt. De rest fan it jier is it gewoanwei genietsjen fan alle roken, kleuren, fûgels, flinters en bijen.