Stedstún

Symmetry yn foarmjouwing

It moderne en strakke ynterieur fan dizze wente oan ien fan de Ljouwerter singels is trochlutsen yn de tún. Yn de foartún is keazen foar in kombinaasje fan âlde bakte 'waaltsjes' en robúste stielen roasters oer grint. Om it aksint te lizzen op it monumintale karakter fan de gevel binne blokhagen fan taksus en natoerstiennen tegels oanbrocht, mei symmetry yn foarmjouwing.

Boartlik kontrast

Yn de beskûle eftertún, dy't foar in part omsletten is troch in âlde muorre, binne deselde ferhurdingsmaterialen oanbrocht. De beplanting is hjir lykwols blomriker as oan de foarkant. De plante bamboestrûken en siergerzen soargje foar kûlissefoarming, sadat men de tún net yn ien eachopslach oersjen kin. It rûne sitplankier yn ien fan de hoeken jout in boartlik kontrast oan dizze tún mei benammen strakke linen.