Nijsgjirrige ynrjochting
De soannen fan de eigner fan dit boubedriuw hawwe it roer fan harren heit oernommen en farre no harren eigen koerts. Tagelyk hat der in grutte ferbouwing plakfûn, dêr’t de haadyngong ferpleatst is en dêrtroch in prominintere rol krigen hat. Op dy wize ûntstie foar it kompleks en apart eigen foarplein, dy’t in nijsgjirrige ynrjochting ferlangde.
Symbolyk
Yn it each springe de fiif wintergriene blokhagen, hokker ferwize nei ‘libjende’mitselstiennen, trochbouwend oan harren eigen takomst. De ‘stiennen’ binne op boartlike wize situearre sadat besikers en meiwurkers, om it samar ris te sizzen begelaat wurde rjochting de nije haadyngong. De blokhagen binne justjes ferhege mei corten-stielrânen, dat ferwiist nei de nostalgie fan famyljetradysjes en it wurdt hjoed-de-dei in protte brûkt as nij materiaal yn de bouwwrâld.
De rest fan it plein is lein yn in see fan krakkelee fan Geo-Alivo tegels, dy’t ferwize nei de typyske Biltske klaaigrûn, wannear’t dat troch de sinne opdrûget yn skossen. In aardich mozaykspul en tagelyk brekber. De ekonomy hat no ienkear protte ynfloed op it riden en farren fan boubedriuwen.
Mearstammige papierbjirken
Om hichte te kreëarjen foar de foargevel fan it kompleks oer, binne yn alle blokhagen in mearstammige bjirk plante. Sy referearje oan in weromkearjend nij libben en in nije koerts. Dêroan waarden eartiids de tûken as libbensroede brûkt; in slach dêr’t fruchtberens en krâft mei brocht waard. Yn de Walpurgisnacht (30 april op 1 maaie) hong men tûken bûten de doar om kweade eleminten bûten te hâlden. It bjirkesop hat in hieljende wurking foar alderhanne kwalen.
Koartkriemd in plein fol symboalyk, it hiele jier skaaimerkend en representatyf foar in lange takomst.