Tún by nijbouwente

De bewenners fan dizze hoekwente woene in tún mei in grut ferskaat oan kleuren en planten. De ferhurding yn de tún soe funksjoneel wêze moatte en net oerhearskjend. In beskutte grientetún stie ek op it listke mei winsken. Fierder soe LINUM omtinken jaan moatte oan it ferminderjen fan ynkyk út de neistlizzende wenten wei en woene de opdrachtjouwers wat privacy op har terras.

Untwerp

De rûne erker fan it hûs tsjinne as útgongspunt foar de foarmjouwing fan de tún. Ut it middelpunt fan de erker wei koene ferskillende foarmen en linen lutsen wurde nei de úthoeken fan de tún. De grientetún is oanlein op it plak yn de tún dêr't de sinne it meast skynt, en dêr't genôch romte is foar it bouwen fan seizoensgrienten. Leiderbeammen, begroeide heidematten en hagen soargje foar beskûl en privacy. Foar de beplanting is keazen foar planten en strûken dy't in grutte oanlûkingskrêft ha op bijen, flinters en fûgels. De beplanting hat ôfwikseling yn blêdtekstuer en bloeitiden, sadat de tún it hiele jier troch in fariearre skouspul biedt. Foar de ferhurde dielen is keazen foar stien en gers. De tún biedt ferskaat, hat ferskillende noflike sithoekjes en is maklik yn it ûnderhâld.