architectuurprijsvraag

Vredeman de Vries Priis Arsjitektuer 2016

In bysûndere partikuliere wenning yn Hylpen, wêr’t Linum it tún foarmjûn hat, is ynstjoerd foar de Vredeman de Vries Priis foar Arsjitektuer 2016. Arsjitekte Diana Lautenbag fan ‘Lautenbag Architectuur’ (www.lautenbagarchitectuur.nl) fan Hylpen is ferantwurdlik foar de foarmjouwing. Utgongspunt wie in ienfâldich Frysk foarhûs mei dêrefter in âlde skuorre. De nije efter-útbou hat in neie ferbining mei it foarhûs, herbergt in gastferbliuw, biedt mear libbensromte foar de bewenners en beskikt oer in bêste konneksje mei it tún.

 

Foar Linum lei dêr de moaie útdaging. Om de arsjitektuer sa goed mooglik sprekke te litten hat it túnûntwerp in mjitte fan ienfâld en is troch borduerd op in gridsysteem fan 1,20 x 1,20 m. yn de wente. Dat yn de foarm fan grutte terrastegels fan ienselde mjit. It efterste diel is gaadlik makke foar Bed & Brochje, dêr’t in eigen túndiel oan keppele is. De wenning beskikt oer bysûnder materialen lykas: aluminium sko-puien, stielen taatsdoar en beklaaiïngsmaterialen fan aluminium en duorsum hout. De priis wurdt útrikt ankomme 26 novimber.

De foto’s binne makke troch Folkert Bleeker en Marcdefotograaf.
definitief tuinontwerppad naar hoofdentreearchitectuurprijsvraagVredeman de Vries prijsschaduwborderlandschapsinpassingboomkronen