tuinvormgeving Linum

Sjotún Linum by Boonstra stienhannel en fluorring Noardburgum

Linum túnfoarmjouwing en advys hat yn gearwurking mei fluorder Berend van der Weg en houtbou Turkstra fan Burgum in sjotún ûntwurpen op in nuvere kavel. In behindige tún foar in lichte ponge en mei omtinken foar flinters en bijen. Tidens de Peaskedagen wie de iepening en no lizze der in tsiental nijsgjirrige sjotunen op besjen.

Inkele hôveniers út ‘e wâlden stutsen ôfrûne maaitiid de hollen byelkoar en betink in alternatyf foar túnbeurs Huis&Tuin (WTC Ljouwert), dy’t net troch gie troch te min belangstelling.

Stienhannel Boonstra fan Noardburgum bea dy hôveniers in ‘poadium’ om op harren terrein in sjotún oan te lizzen. Net foar 4 dagen, wat by beurzen wenst is, mar foar in tal jierren. Sa kinne potinsjele klanten dy’t komme om fluorringsadvys, ynspirearre wurde en lit earst in trochtocht túnûntwerp meitsje.

 

Wolle jo ek ynspiraasje opdwaan?

Dat kin, de tunen by Stienhannel Boonstra lizze op besjen, moandei o/m freed 8.30-12.00 en 13.00-17.45, sneon 8.30-12.00 en 13.00-16.45 en sneins fan 10.30 o.m. 17.00 oere.

 

tuinontwerp friesland siem de vlastuininrichting en adviesstrakke tuinvlinder en bijenplanten