Drokte op hús- en túnbeurs yn WTC

Rigen tsjok stûnen de ynteressearren freedtemiddei foar de kassa fan de beurs Huis en Tuin yn Ljouwert en yn de hallen fan it WTC Expo wie it noflik drok. Wa't syn tún op 'e nij ynrjochtsje wol, koe sjen dat bamboe en wylgetienen, lykas hjir op de foto, tige populêr binne. Ek meubelsaken lutsen protte belangstelling. "Neffens my binne der no op ien dei al likefolle minsken del west as foarich jier", sei Jan van den Berg fan de Designfabriek út Ljouwert. 

Klik hjir om it artikel út de Ljouwerter Krante fan 3 maart 2012 te besjen.