Helje mear út jo platte dak!

Op 18 april 2014 is tusken ús sinnepanielen op it atelier fan Linum in Sedumtek oanbrocht. Njonken alderhanne fetkrûden binne ek oare (keuken)krûden en rotsplanten oanbrocht. Om't it in frij âlde wente is, is foar de wissichheid keazen foar in tinne substraatlaach fan 7 sentimeter tsjok. Dochs romte genôch foar planten dy't ûnder dizze omstannichheden waakse wolle.  De foardielen binne:

  1. De isolearjende wurking by waarm simmerwaar en yn ‘e winter, wannear’t it glûpende kâld wêze kin.
  2. It rendemint  fan de sinnepanielen is heger, om’t it krekt boppe it oarspronklike swarte daklear net sa gleonhjit mear wurdt.
  3. It himelwetter wurdt effisjinter brûkt en giet net streekrjocht it rioel yn. Sjoch it as in soarte fan partikulier besinkbekken.
  4. Wy minsken libje eins yn it habitat fan bijen, flinters en oare ynsekten. De oanbrochte beplanting lokket no krekt dy flinters en bijen. Sa kin men wat werom dwaan.
  5. It bylket sa gâns moaier as saai swart daklear.
  6. Men kin sels eksperimintearje mei alderhanne keukenkrûden en rotsplanten.

In daktún kostet út soarte jild, mar by de gemeenten binne rju subsydzjemooglikheden wêrtroch it  lukratyf wurdt. Dat neidielen soe ik hjir sa gau net betinke kinne.