Stedseftertún

Dizze beskutte eftertún fan beskieden formaat wie oan in yngeande opknapbeurt ta. De âlde skommel waard net mear brûkt en de tiid hie syn spoaren efterlitten. De tún wie te fol en bea net safolle spanning.

Alde kleastermoppen

Yn de âlde stedstún foarmje de ferhege rustkleurige corten-stielen opslútrânen in fraai kontrast mei de bakte klinkerts en de donkere sketten. De muorre fan âlde kleastermoppen is gewurde litten fanwegen de karakteristike útstrieling, en krekt mear yn it sicht set.

Privacy en skaad

De skuorre is restaurearre en dêrnei ympregnearre mei swart ekoleum om ienheid en rêst te kreëarjen. Nije linebeammen op 'e side sille al frij gau privacy jaan op it terras. De grillich foarme kroanen fan de Ingelebeam (Aralia elata) bringe hichte yn de tún en soargje foar noflik skaad. Om it gehiel dochs in loftich karakter te jaan, binne yn de plantebakken siergerzen mei wite nerfstrepen plante, dy't nijsgjirrich ôfstekke tsjin de massive sketten. In moderne tún dy't past yn dizze âlde sfear.