Tún by nijbouwente

Dit lânhûs út 2001 leit yn it rom opsette wenpark 'Het Heidemeer'. It park is ûntwurpen neffens Amerikaansk model, wêrby't de gersfjilden yn de foartunen mei-inoar ferbûn binne, sûnder steurende obstakels. Foar it ûntwerp fan de tún wie dat in dúdlike rânebetingst.

Ienfâld en rêst

De foartún hat in rûne oprydleane, dy't kwa ôfmjitting en skaal net ûnderdocht foar de prestizjeuze útstrieling fan it lânhûs. 'Ienfâld en rêst', is it kredo. De gersmatte is wat optild, sadat it aksint mear op de foarm dêrfan komt te lizzen. De foartún is rom en oersichtlik ynrjochte en hat mear bloei-aksinten nei de wente ta.

Terras oan 'e mar

Yn de eftertún is deselde 'foarmtaal' werhelle, mei ek in optild sintraal gersfjild om it linespul klam te jaan. Ut de wente wei hat men prachtich sicht op it marke oan de efterkant. De ynrjochting fan de tún is sa stal jûn dat it útsjoch op de mar net behindere wurdt. Oan de wetterkant is in brede steger anneks terras situearre foar rekreative doelen. De beplanting op de wetterkant is ôfstimd op de natuerlike beplanting yn it rekreaasjegebiet deromhinne.