Tún by wenpleats

De bewenners fan dizze Fryske stjelp út de 19e ieu woene de tradisjonele pleatstún fan eartiids op 'e nij ynrjochtsje. De tún moast fan de strjitte ôf te sjen wêze, in carport soe beskutting biede moatte oan de auto en hja woene in ferdjippe terras oan de kant fan de sleat. Alles yn in gearhingjend gehiel fan moderne beplanting mei in protte kleur en grien.

Siergerzen jouwe in tún folume

It strakke asymmetryske gersfjild oan de foarkant is in sintraal rêstflak mids de wielderige en kleurrike beplantingsborders deromhinne. Foar de borders binne planten útsocht dy't in protte flinters en bijen oanlûke. Ferspraat troch de tún binne ferskillende siergerzen plante. Simmerdeis likegoed as by 't winter falle dy moai op en se jouwe de tún ek folume. Yn de sydtún is in ferdjippe terras oanbrocht, dat oant yn it lêst fan de hjerst beskûl biedt. De beplanting is yn de sfear fan it wetter holden, mei ûnder oaren hingjende sigge en kattesturt.

Fryske gieltsjes en hortinsjes

Dochs is der in knypeachje nei it ferline. It paad is fluorre mei giele klinkerts, dy't ferwize nei de orizjinele 'Fryske gieltsjes'. Ek de hortinsjes, dy't trochinoar by de foargevel delplante binne, drage dêrta by. In objekt dat derút rint yn dizze tún is it keunstwurk 'It Swarte Hynder'. It dekôrstik út it Tryaterspektakel 'Kening Lear' (2003) hat hjir syn lêste rêstplak krigen, en tsjinnet no as sitplak.