schetsontwerp Vlaskamptuin

renovaasje Vlaskamp-tún yn Grou

Foar de eigners fan de pastorywente yn Grou hat Linum in sketsûntwerp makke, dy’t foar in grut part basearre is op stylskaaimerken fan túnarsjitekt Gerrit Lambertus Vlaskamp (1834-1906). Vlaskamp hat om 1870 hinne it oarspronklike túnûntwerp betocht yn de moade fan de doe hearskjende Ingelske Lânskipstyl. Spitigernôch is de tekening ferdwûn. Troch nije belangstelling foar dizze eigensinnige túnarsjitekt, dy’t in protte tunen en inkele parken yn Fryslân foarmjûn hat, is op dizze wize respekt betoand oan syn erfenis.