Anemone blanda ‘Blue Shades’, blauwe anemoon of windbloem

Genietsje fan bollen en knollen

Op dit stuit binne der mar leafst trije túnen fan Linum yn oanlis. Mei troch it skitterjende maaitiidswaar ferrint de plenning flot. Se wachtsje no om ynplante te wurden. Meikoarten kinne jo de risseltaten bewûnderje ûnder dit aitem. Yntusken is it genietsje oan in oerfloed oan blomkjende bol- en knolgewassen yn tunen. Yn de eftertún fan myn atelier pronkje se ek wer is nea tefoaren. It nijs? No efkes net, set jo kompjûter mar út en genietsje bûten fan it koarte momint dat dy teare blommen harren by ‘t soad oan jo etalearje. Nim ek de tiid foar it oanskôgjen fan alle details. “In tún sûnder bollen is eins gjin tún”.

Tulipa humilis var. pulchella ‘Ablocaerulea’, botanisch tulpjeTulipa humilis, botanisch tulpjeScilla mischtschenkoana, scillaIris reticulata ‘Harmony’, IrisChionodoxa forbesii ‘Blue Giant’, sneeuwroemCoridalis solida, helmbloem