Cortentún

De eigner fan dizze datearre tún woe in moderne tún mei stoere en deeglike materialen, mei beplanting dy't net tefolle ûnderhâld freegje soe.

Boartlike ferhurding fan Sineesk hurdstien

Dizze besletten eftertún wurdt rûnom ôffrede troch in deeglik houten sket, dat mei swart ekoleum ympregnearre is. De oranje rustbrune plantebakken fan corten-stiel foarmje in moai kontrast mei de donkere eftergrûn. De lege bakken ha brede rânen dêr't men op sitte kin en dy't men dekorearje kin mei bygelyks skalen of wynljochten. De ferhurding bestiet út in boartlik wyldferbân tegel (tegels fan ferskillende formaten) fan Spotted Bluestone (Sineesk hurdstien).

Natuerlik griendak

Foar de beplanting is keazen foar planten mei in fine blêdtekstuer, lykas it siergers Miscanthus sinensis 'Morning Light' en it leeljegers Liriope muscari 'Moneymaker'. Twa bysûndere tulpebeammen (Magnoliaceae) yn corten-stiel-bakken jouwe de tún hichte en sille nei in pear jier in natuerlik griendak foarmje oer it terras.