Tún by hearehûs

Relaasje mei park

De bewenners fan dit steatlike herehûs winsken in eigensinnich túnûntwerp, der’t en dúdlike relaasje by lein wurde moat mei it Rengerspark tsjinoer. Dêrneist in sitplak, in houtopslach foar iepen herne, ekologysk oantreklik en in oplossing foar it wetterprobleem.

It túnûntwerp ‘De Trije Ovalen’

Yn dit túnûntwerp binne dúdlik te ûnderskieden de trije ôfsûnderlike ovalen. Dy ferwize nei de trije oarspronklike terpen dêr’t Ljouwert ea út ûntstien is. It strakke paad fan Schellevis treptrêdeblokken kreëarret op boartlike wize de haadsichtline nei it tsjinoerlizzende Rengerspark en aksintuearret dêrmei de ferbining. Tagelyk ferbynt it paad de trije ovale ‘tunkeamers’ oan elkoar mei dêryn de komponinten in sitplak en in houtopslach.
Lykas by terpen it gefal is, is it (gers)oerflak justjes rûnich en binne se wat ferhege sadat se ûnder wiete omstannigens drûch bliuwe.

Beplanting

De beplanting tusken de ovalen yn en wêr’t it reinwetter besink kin, binne elk fochtleafhawwers. De rest fan it tún yn haadsaak houtige gewassen, pasjend yn de sjike ambiânse fan it strjitbyld, mei in klam op winterbloeiers.

Dêrmei rikt dizze nijsgjirrige tún fierder, as dat de hjoeddeistige hiemgrins earst tinken docht.