'Hielens'

Hielens

 

By in jierren ’30 wente yn in eartiids begoedige wyk yn Ljouwert, moast in túnrenovaasje plakfine. It besteande tún wie slytsk, min te ûnderhâlden en it ûntbriek oan ferwûndering. De oergong fan binnen nei bûten ta fielde neffens de bewenners net ‘folsein’mear. It nije tún moast oanslute by de ambiânse fan dizze wyk en, út ’t eachweid fan duorsumens, de oanwêzige bakte klinkerts safolle mooglik op ‘e nij brûke.

 

It ferhaal

 

In ‘flier’ fan bakte waaltsjes ferwiist nei de bouwtiid fan dizze wyk, ûnderbrutsen mei ûnregelmjittige tegelstripen dy’t it tún fisueel wider meitsje.

Begroeide houtene douglaspeallen foarmje in kûlizze om it tún net yn ien eachopslach oersjen te kinnen. Tegearre mei sketplanken bewurkmasterje se ek de ‘fertikaalwurking’. Soks smyt in rêstiger byld op as horizontaal.

 

Yn it foartún bestiet de tegelflier út op ‘e nij brûkte grinttegels op ‘e kop fluorre en dy’t ûnderbrutsen binne troch speklagen fan âldbakte waaltsjes. It bluisterige grien slút oan by it park dat hjir foaroer leit.

 

De rûne gersseadde, as romtlik elemint yn ‘e eftertún, stiet symboal foar ‘hielens’. De bewenners fiele har no wer ien mei it tún.