Tún om it van Gogh Museum hinne

 

Linum hat op it ‘Ontwerp Instituut’ yn Apeldoarn de einpresintaasje jûn fan in fiktive opdracht. Untwerp in tún om de nije útwreiding fan it van Gogh Museum hinne yn Amsterdam. Dy útwreiding, yn de foarm fan in ellips, is foarmjûn troch de Japanske arsjitekt Kisho Kurokawa (1934-2007) en stiet yn it museumplein.

 

It plan fan Linum bestiet út twa teraande tiidsperioaden fan keunstskilder Vincent van Gogh (1853-1890). Syn perioade yn Nederlân en dy yn Frankryk. Syn Nederlânske troch it tapassen fan de reabrún betûke stobbewylgen (Knotwilg Salix alba ‘Chermesina’) en streken fan kleurich glasearre bakstien, dy’t syn disruptive wize fan pinsielstreekjen op it doek ferbyldet. Syn Frânske tiid troch brûkme fan balstientsjes en sederbeammen (Wierrookseder, Callocedrus decurrens). Op lange slingerbanken tusken en om dy twa beamtypen hinne, kinne besikers fan it museum yn harren delgean litte wat men krekt sjoen hat of prate mei oare museumpleinbesikers. Op dy wize ferbynt de slingerbank net allinnich minsken, mar ek de twa perioaden yn de persoan van Gogh.