Wenjen en wurkjen

Wetterprobleem

De oanset ta renovaasje fan dizze tún wie de minne grûnwetterhúshâlding. It tún lei neffens de buorlju oer te leech, wêrtroch in protte himelwetter hjirhinne streamde. Yn ‘e boaiem sieten tichte lagen mei as gefolch dat it reinwetter amper of net besinke koe. De beplanting en dan bynammen de lei-laurierbeammen bleaunen yn ûntwikkeling efter of wienen foar in part ôfstoarn. Tagelyk paste it tún net mear ‘as in waarme jas’ om syn bewenners hinne en winsken se mear útstrieling en fariaasje yn de beplanting.

Corten-stiel as omlisting en foar de perfekte ôfwurking

Met it each op duorsumens en besparjen binne yn it ûntwerp safolle mooglik oanwêzige klinkerts en tegels op ’e nij ynpast. Yn de nije situaasje is keazen om corten-stiel as werheljend materiaal te brûken. It giet lang mei en it hâldt de foarmjouwing op detail skerp. It jout sawol kantoar as de praktykyngong mear kasjet troch it as opstap te brûken. Se komme no om it samar ris te sizzen op in ‘sokkel’ te stean. Tagelyk tsjinnet it as opslútrâne foar de splytpaden tsjin de gevelflakken oan.

Ferhege gerssirkel

Yn ‘e binnentún lûkt in ferhege sirkel omklamme mei corten-stiel en in Boeddha de oandacht. Binnen it Boeddhisme hat de sirkel nammentlik in spirituele betsjutting. Boppedat troch it gêrs heger te lizzen bliuwt it folle droeger en kin sa brûkt wurde as meditaasjepoadium om op te kontemplearjen. Nei’t de tichte lagen yn ’e boaiem trochbrutsen binne en op guon plakken yngeande drainaazje, slacht de nije beplanting folle better oan. In deeglik begroeid púnsket mei nije leiplatanen soargje foar genôch praivesy.

Siergerzen om syn multifunksjonele gebrûk

Yn it beplantingsplan slaan siergerzen foar master op kombinearre mei sterke fêste planten. De gerzen komme repetearjend werom om’t it bysûnder moai past by it corten-stiel, gaadlik is as kontrast foar de donkere houtene wanden oer en it jout de beplanting in loftich byld. Syn fine tekstuer rûst by alle winen en it heint neigeraden syn wintersilhûet foarderet de lege hjerst- en wintersinne eachstreakjend op.

Ta eintsjebeslút is de rest fan de beplanting selektearre om syn kontrastearjende kleur en blêdtekstueren mei it siergers. Lykas it aparte read fan de flear- en fluwielbeammen, it grutte (rûge) blêd fan de hortinsjes en leiplataan of de skiere gloede fan de wylgjes en wylchblêdige sierpar. Fêste planten mei pasteltinten omslute op in heger nivo de sirkel, dat symboal stiet foar de ivichheid. Efter de glêzen fan de praktykromte foar Psychososjale helpferliening en de terrasdoarren wei jout dit in delbêdzjend eachweid.