Sjotún 'Hortus conclusus'

LINUM túnfoarmjouwing en advys hat foar hôveniersbedriuw van Tuinen tuinservice in tún foarmjûn dy't basearre is op de midsieuwen: Hortus conclusus, de 'omsletten tún'. De tún is nei binnen ta rjochte; in feilige haven dy't de fileine wrâld op in bytsje distânsje hâldt, in kontemplatyf plak dêr't men prakkesearje kin oer it betreklik-wêzen fan it libben, in filosofysk boek yn 'e hân nimme kin of gewoan efkes flechtsje út it rumoer fan it deistige libben.
De haadopset is ôflaat fan in midsieuske kleastertún mei bygelyks: in pyldergong, wetterboarne (symboal fan 'libben') en krûdige blommeroken. De tún as rêstpunt yn in ûnwisse gaoatyske tiid.