Iris reticulata 'Harmony' en Crocus chrysanthus 'Qream Beauty'

Tink noch even om 'e bollen!

Rein, wyn en in temperatuer dy’t jin nei binnen driuwt. Dizze moannen binne net de meast bekoarlikste om yn it tún ta te hâlden. Waar foar de swiersettige romantikus dy’t licht beliede sil mei inkele dichtrigels fan Anton Erwich (1904-1979);

 

November

 

O herfst wiens adem de aarde heeft ontverfd,

ook in dit hart stierf stilaan alles af:

wie mateloos verlangen dorst, hij sterft

onder des vlees doem tot aan het graf.

 

Mar neist je meifiere te litten op de meast fraaie dichterlike hjers-pasaazjes, is it wol de tiid om bollen te plantsjen. Sy represintearje de ‘werberte’ fan jins tún en licht dêrmei ek jins binnenste. Somtemets al yn jannewaris. Wa kin it fragile blau wjerstean fan it earste boerekrookje krekt boppe de fertarre blêden út. De bûnt hingjende ‘klokken’ fan de ljippeblommen yn it wiete stikje gersfjild. Of de spannende kombinaasjes fan betiidblomkjende tulpen.

 

Tink noch wol even om ‘e bollen.

bollen en knollen Linumwitte sterhyacintbollenplan Linumbollenmix Linumnatuurlijke tuintextuurverschil bollenmeadowsnarcissen en tulpen gemengd